Pieter Weening Classic sukses

Moai waar by de Pieter Weening Classic
De fjirde edysje fan de Pieter Weening Classic toertocht mei start en finish yn Surhústerfean wie sneon in grut sukses. Mear as 2000 minsken fytsten troch de regio en koenen kieze út ôfstannen fan 25, 40, 60 en 100 kilometer.
Neffens de organisaasje wie it dielnimmersfjild in moaie miks fan jong en âld. Op in pear lytse falpartijen nei is de tocht sûnder problemen ferrûn.