Snitswike iepene mei floatskou

01 aug 2009 - 13:00
  • De floatskou luts in soad folk
  • Jan Geertsma toant syn Sneker Pan

Yn Snits is freedtejûn de Snitswike begûn. Njonken de tradisjonele floatskou waard foar de 74ste kear de Sneker Pan útrikt. Dat is in jierlikse priis foar ien dy't him dat jier bot ynset hat foar de silerij. De koperen pankoekspanne wie dit jier foar Jan Geertsma út Wommels.

Tûzenen minsken wiene ôfkommen op de feestlik ferljochte parade fan boaten en boatsjes. De Snitswike duorret oant en mei tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)