Fotowedstriid "Groeten uit..."

© Omrop Fryslân
Friezen kinne meidwaan oan in fotowedstriid troch in foto fan harren eigen doarp of stêd te meitsjen en op in webside te setten. It inisjatyf foar de wedstryd komt fan Nieuwe Groeten Uit... Dat is in grutskalich fotoprojekt dat it Nederlân fan no fêstlizze wol yn in tentoanstelling.
Takom wike is der in tentoanstelling op it Waagplein yn Ljouwert. Dan binne alle foto's dy't de Friezen oant no ta ynstjoerd ha, te sjen.