Hearrenfean net foarby Roda JC

31 jul 2009 - 23:54

SC Hearrenfean is it nije fuotbalseizoen teloarstellend úteinset. Yn it eigen Abe Lenstra stadion binne de Feansters der freedtejûn net yn slagge om fan Roda JC te winnen.

Hearrenfean wie wol de bettere ploech, mar miste kreativiteit en it needige gelok. Beerens, Sibon en Elm krigen riante mooglikhden mar kamen net ta skoaren. Roda JC wie nei ôfrin dik tefreden mei in punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)