Motorrider komt om it libben

De 24-jierrige man dy't freed op syn motor yn Ljouwert ferûngelokke is, wie net oan it racen. Dat docht bliken út neier plysje-ûndersyk. De Ljouwerter wie mei syn motor op de Junokade op yndustryterrein de Hemrik. Wylst er krekt in wheelie makke, botste er frontaal op in auto dy't twa oaren ynhelle. Hy waard meters fuortslingere en wie op slach dea.
Op de Junokade wurdt geregeld stunte mei auto's en motors, mar freed waard der net raced.