Saak Sintrale As ferlern

Tsien organisaasjes, ûnder oaren it Fryske Gea, de Fryske Miljeufederaasje en Natuurmonuminten, hawwe in saak tsjin de oanlis fan de Sintrale As by de Ried fan Steat ferlern. De organisaasjes woene dat minister Cramer (VROM) de oanlis fan de nije autodyk tusken Dokkum en Nyegea keare soe.
Se binne benaud foar natuerskea yn it nasjonaal lânskip. Neffens de Ried fan Steat kinne de organisaasjes op genôch oare manieren beswier meitsje.