Friezen oerlibje busûngelok

31 jul 2009 - 14:50

Sander Nijhof en syn freondinne sieten yn de bus dy't tongersdeitejûn by it Spaanske Sant Pol de Mar ferûngelokke.

Neffens syn heit binne beiden ferwûne rekke. Sander (25) út Ljouwert is ferwûne oan syn linkerskonk, syn freondinne is mei pine yn de rêch opnaam yn in sikehûs yn de buert fan it ûngemak. Sander hat syn âlden freed betiid sels belle om har op 'e hichte te stellen fan it ûngemak. Sy sieten boppe-yn en seagen it oankommen. De sjauffeur ried neffens har te hurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)