Boargemaster: post net slute

De plysjepost wie freed foar it lêst iepen
Freed wiene de plysjeposten fan Ferwert en Menaam foar it lêst iepen. De sluting is ôfrûne tiisdei bekend makke. Reden is dat der te min minsken komme. Ek op de lêste dei wie dat sa. De plysje moat besunigje.
De plysjeposten sieten yn in aparte romte yn de gemeentehûzen. Boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel woe earder net reagearje op de sluting, mar seit freed dat er him dêr noch net by del lizze wol.