Pieké wenne yn Nij Altena

31 jul 2009 - 13:27

De buorlju fan Nij Altena hawwe mei skrik reagearre op de berjochten oer har buorman Cor_Pieké. Dizze man (69) is ferline wike yn Spanje fermoarde. Tiisdei waard syn lichem fûn.

De man kaam fan oarsprong út Rotterdam, mar wenne sa'n 8 jier yn Nij Altena. De lêste tiid stie syn hûs te keap, om't Pieké nei Spanje ferhûze wie. De man wie dêr mei plakbân op syn bed fêstmakke. Neffens de Spaanske plysje is er mei in soad geweld om it libben brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)