Plysje nimt sjitterij heech op

31 jul 2009 - 12:41

De trije manlju dy't tongersdei minsken besketten ha yn de binnenstêd fan Ljouwert, diene dat ûnder ynfloed fan speed en alkohol. Dat seit de plysje. Oant no ta ien foarbygonger hat oanjefte dien fan de sjitterij.

De fertochten, út de Westereen en Sweagerbosk brûkten in feardrukpistoal. De plysje nimt de saak heech op en sprekt fan 'poging ta swiere mishanneling'. Troch de kûgeltsjes út sa'n pistoal kin minsken maklik in each ferlieze. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)