Skûtsjes op ynternet te sjen

© Omrop Fryslân
De lêste wedstriid fan de SKS-silerij is freed wer te folgjen fia it ynternet. Earder wie ek de earste silerij by Grou te sjen op de side http://geosports.nl. Dat wie sa'n sukses dat de side der in skoft út lei. De wedstriden fan de IFKS binne allegear op dizze wize fan 'track and trace' te te folgjen.
Op deitelevyzje fan de Omrop is fan 13.00 oere ôf ek de Snitsermar te sjen. Dy bylden, filme fanôf ien plak, binne yn stee fan de webcambylden.