Nije kursus Sneekologie

Soad animo foar kursus Sneekologie
De kursus Sneekologie, dy't dit jier foar it earst hâlden waard, krijt in ferfolch. Tongersdei waard de earste edysje ôfsletten mei it útrikken fan de diploma's. Alle 16 dielnimmers hawwe de kursus suksesfol trochrûn en witte no alles fan de Snitser skiednis, taal en kultuer.
Der wie foarôf safolle belangstelling foar de kursus dat noch wol in pear klaslokalen fuld wurde koene. Dêrom komt der takom jier wer in kursus Sneekologie.