Kadootsje foar 75-jierrigen

30 jul 2009 - 18:38

Alle minsken fan 75 jier yn de gemeente Hearrenfean meie fergees nei it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean. De útnoeging is yn it ramt fan it jubileumjier 75 jier Hearrenfean. De minsken dy't útnoege binne, kinne de útstalling BuitengeWOON sjen. Dy jout in byld fan de groei, arsjitektuer en wenideeën fan Hearrenfean yn de ôfrûne 75 jier.

De útstalling duorret eins oantemei snein, mar it museum ferlingt dy perioade mei in wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)