Ynternasjonale útwiksel FYK

30 jul 2009 - 16:48

In groep bûtenlânske jongeren dy't in taalminderheid yn harren eigen lân binne, sjogge dizze wike hoe't yn Fryslân mei de taal omgien wurdt. It Frysk Ynternasjonaal Kontakt FYK organisearret de útwiksel dêr't goed 30 jongeren oan mei dogge.

Se ha al in kursus keatsen hân en binne yn de kunde kommen mei bearenburch. Se ha ek by de Fryske media sjoen. Oan de útwiksel wurdt meidien troch û.o. Kasjoeben, Bretonnen en Slovenen út Eastenryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)