Rekôropbringst biten ferwachte

It liket in prima bite-jier te wurden
Der wurdt dit jier in rekôr-rispinge biten ferwachte. De Suiker Unie yn Grins tinkt dat de opbringst de bunder op gemiddeld sa'n 12,5 ton útkomme sil. Dat is twa persint heger as it ôfrûne jier. Benammen it waarme waar yn april en maaie hat derfoar soarge dat de biten goed groeid binne.
Foar in goede ûntwikkeling fan it sûkergehalte is it fan belang dat de sinne de kommende tiid in soad skynt.