Boartersplak Potmarge smoarch

30 jul 2009 - 15:14

It wetterboartersplak by de Potmarge yn Ljouwert is fersmoarge troch parasiten. Dat hat de gemeente Ljouwert bekend makke. It boartersplak is al in pear wike net tagonklik, omdat der al in fermoeden wie fan fersmoarge wetter. Skoalbern hiene lêst fan jûkte krigen, neidat se der swommen hiene.

It Wetterskip hat meunsters nommen en dêr hat út bliken dien dat der parasiten yn sitte, dy't swimmersjûkte feroarsaakje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)