Man fan Gytsjerk bedwelme

30 jul 2009 - 13:59

In ynwenner fan Gytsjerk moast tongersdei nei de húsdokter om't hy problemen hie mei it sykheljen. De man hie foar syn swimbad in tûne mei 20 liter swevelsoer en in tûne mei 20 liter gloar mei elkoar mongen. Dêrtroch ûntstie it giftige gloargas.

De man hie beide tûnen yn in skuorre delset. Doe't hy yn de skuorre kaam rekke hy bedwelme. De brânwacht hat de tûnen feilich steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)