Stopljochten Wurdum stikken

© Omrop Fryslân
De stopljochten op de grutte dyk by Wurdum lizze der al in dei út en Rykswettersteat hat gjin idee hoe't dat kin. Dat wurdt op dit stuit útsocht. Der binne yntusken maatregels naam om it ferkear feilich trochstreame te litten.
De linkerrydstroken oan beide kanten binne ticht om de situaasje op it krúspunt oersichtlik te hâlden. It ferkear wurdt mei grutte buorden warskôge dat de stopljochten it net dogge. Auto's moatte ek stadiger ride.