Brânstichter Snits: 6 jier sel

30 jul 2009 - 13:38

Tsjin de 43-jierige Snitser dy't fertocht wurdt fan trije brânstichtingen earder dit jier, is tongersdei 6 jier selstraf easke.

De man feroarsake yn april trije kear brân yn de flats oan de Hein Doelenstrjitte en de Liaukemastrjitte yn Snits. De brannen hiene in grutte ympakt op de bewenners. Guon moasten troch de brânwacht fan harren balkons rêden wurde. In soad minsken sliepe net mear goed en wolle ferhúzje om't se harren net mear feilich fiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)