Krisishelp foar jonge boeren

30 jul 2009 - 13:27

It ektra jild dat de oerheid brûke mei om de melkfeehâlders te helpen moat ynsetten wurde om jonge boeren troch de krisis te helpen. Dat hawwe de ferskate partijen yn de suvelsektor mei elkoar ôfpraten. De oerheid mei fan de Europeeske Unie jierliks 5000 euro per boerebedriuw ekstra útjaan, mar de minister wol it oan de sektor sels oerlitte hoe't dat dan moat.

De sektor sels moat mei ideeën komme oer wêr't dat jild wei komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)