Nije opliedings nei Ljouwert

30 jul 2009 - 12:15

De PvdA-fraksje yn Ljouwert wol dat de gemeente syn uterste bêst docht om twa nije beropsopliedings binnen te heljen. De Keninklike Metaalunie en de Feriening Restauraasje Noard wolle beide in opliedingsbedriuw yn it Noarden begjinne. Beide inisjativen moatte noch in plak krije. Neffens de PvdA is Ljouwert it sintrum foar ûnderwiis en wurk fan de provinsje.

It grut tal monuminten yn de stêd makket dizze neffens de fraksje ek geskikt foar de restauraasje-oplieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)