Militêren mei skippen mei

30 jul 2009 - 11:18

De Harnzer kaptein Hendrik Toxopeus fynt it ûnbegryplik dat minister Van Middelkoop fan definsje gjin wapene militêren meitstjoere wol op skippen dy't yn ynternasjonale wetters farre. Hy sei dat woansdei yn it programma Een Vandaag. Dy liet in rekonstruksje sjen fan de kaping fan it Belgyske skip Pompeï.

Toxopeus is meardere kearen mei de dea bedrige. Neffens him kin mei de ynset fan wapene militêren nije kapings foarkommmen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)