Wjerljocht yn Fryslân

Yndrukwekkend natuergeweld, mei soms grutte gefolgen
De wjerljocht is fannacht seis kear ynslein yn Fryslân. By Bantegea sloech it twa kear yn. Earst yn in wenning en letter by in KPN-kastke. De skea foel ta. Op De Jouwer en yn Grou wiene ek ynslaggen, mar dêr ûntstie gjin brân. Yn Hurdegaryp ûntstie in lytse brân neist in hús. bewenners en de brânwacht hiene it fjoer gau út.
De grutste skea wie by de brân yn Jiskenhuzen, dêr't in timmerfabryk folslein útbaarne, nei alle gedachten is de wjerljocht de oarsaak.