Grutte brân fabryk Jiskenhuzen

30 jul 2009 - 06:59

Der hat tongersdeitemoarn om seis oere hinne in grutte brân west yn Jiskenhuzen. It giet om Drijfhout's timmerfabryk yn it sintrum fan it doarp. Dêrom rukten de korpsen massaal út. De brânwachtkorpsen fan Skarsterlân, It Hearrenfean, Snits, Drachten en Boalsert giene der hinne om it fjoer te blussen.

Dy hiene de brân om healwei achten ûnder kontrôle. It fabryk is ferlern gien. Gefaar foar de omwenners hat der neffens de plysje net west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)