Partoer Van der Bos wint de PC

Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger hawwe de 156ste PC wûn. Yn 'e finale wie it favorite partoer fan Van der Bos-en-dy krekt in maatsje te grut foar Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Tjibbe Hansma. Benammen de opslach fan Gert-Anne van der Bos wie in wapen dêr't syn tsjinstanners in soad muoite mei hiene.
It waard yn in wat iensidige finale 5-2 en 6-0. Foarôf wiene Van der Bos-en-dy ek al it favorite partoer.