Partoer Van der Bos finalist

Nei in bysûnder spannende heale finale giet it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger nei de finale fan de 156ste PC. Van der Bos-en-dy hiene yn de heale finale te meitsjen mei in fûl en goed keatsend partoer fan Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Alle Jan Anema.
De striid gie lang gelyk op, mar op 5-5 en 6-4 makke Van der Bos de partij út. Ofrûne snein, op de generale fan de PC yn Arum, wie it partoer De Groot noch te sterk foar Van der Bos.