Boalsert winner De Lemmer 1

De rûte op 'e Iselmar
Boalsert is de winner fan de earste SKS-wedstriid op 'e Lemmer, dy't woansdei fersyld waard. Fan it begjin ôf pakte Pieter Meeter de lieding. De Jouwer einige as twadde, De Lemmer waard tred. Tiisdei krige Boalsert troch in protest noch fjirtjin punten.
De feroarjende wyn makke it silen net maklik. Ferskate skûtsjes foelen tidens de wedstriid stil. Grou sakke dêrtroch ôf nei in sechde plak en dielt no mei 18,8 punten mei It H'fean it earste plak yn it klassemint.