Debutanten nei heale finale

29 jul 2009 - 15:17

It earste klas partoer fan Site Ferwerda, Gerrit Meijer en Rudolf Soepboer is troch nei de tredde omloop fan de 156ste PC. Dat is opmerklik, want Gerrit Meijer fan Hurdegaryp en Rudolf Soepboer fan Holwert dogge foar it earst oan de PC mei.

Yn de twadde omloop wûnen Ferwerda-en-dy mei 5-4 en 6-2 fan Hindrik Tolsma, Michel van der Veen en Johannes Boersma. Dat partoer stjoerde yn de earste omloop Martijn Olijnsma-en-dy nei hûs, mar helle de heale finale net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)