Gjin ekstra jild yn Wyldemerk

29 jul 2009 - 13:55

De Wyldemerk yn Harich hoecht net te rekkenjen op ekstra jild fan minister Rouvoet. Dat seit Rouvoet yn antwurd op keamerfragen. De campus hat oanjûn dat der in finansjeel tekoart is. De campus moat ticht, as der gjin ekstra jild komt.

Rouvoet hat ôfpraat dat er net mear as 2 miljoen jaan soe. Dy sinten binne al bestege. De direksje hat neffens de minister in misrekkening makke, troch te rekkenjen op jild foar jongeren mei slimme problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)