Partoer Bouma fan de list

© Omrop Fryslân
It partoer fan Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Pier Piersma hat yn de earste omloop ferlern fan Marten van der Leest-en-dy. Dy wie mei Pieter Jan Plat en Feiko Broersma sterker mei 5-0 en 6-6.
Bouma wûn ferline jier noch de PC. Foar Van Beem is dit de lêste PC. Hy hie bot lêst fan it skouder, mar spuiten mochten net helpe. Hy hie him in oar ôfskied foarsteld, mar it mocht net sa wêze.