Hegere pachtprizen foar boeren

29 jul 2009 - 11:35
  • Pachtprizen geane omheech

De pachtprizen foar boeren yn de greidegebieten gean mooglik omheech. Dat kin gean om 37 prosint. By de bouboeren giet it om maksimaal 22 prosint. It ministearje fan Lânbou hat dat bekend makke. De pachtprizen binne berekenne oer in trochsneed opbringst fan de grûn yn fiif jier tiid.

LTO-Noord is net gelokkich mei dizze útkomst want it giet op it stuit min yn de sektor. De boere-organisaasje ropt de ferpachters om om hoeden te wêzen mei de hegere prizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)