Partoer Rinia leit derút

It partoer fan Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert-Jan Meekma hat op de earste list ferlern mei 5-4 en 6-6 fan it trio Site Ferwerda. Dat wie in ferrassing en ek in teloarstelling foar Rinia dy't ophâldt mei it keatsen.
Site Ferwerda (Stiens) en debutanten Gerrit Meijer (Hurdegaryp) en Rudolf Soepboer (Holwert) steane op de twadde list.