Motyf oanriding Ljouwert

29 jul 2009 - 10:52

De Ljouwerter (37) dy'tiisdei mei opset twa Deinumers oanried, die dat om't er him bedrige fielde troch de mannen. Dat hat er de plysje ferteld.

Hy rekke yn panyk troch it agressive gedrach fan de mannen, mei om't er twa lytse bern yn de auto hie. De Ljouwerter hie it gefoel dat er achterút net fuortkomme koe en dêrom joech er gas. De man is wer thús. Hy hat spyt fan syn aksje. De plysje wol witte wat der krekt bard is en siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)