Wylde achterfolging op wetter

Man oppakt nei wylde achterfolging op it wetter
De plysje hat tiisdei nei in wylde achterfolging op it wetter in skipper (41) út De Pein oanhâlden. Hy fear mei syn gesin yn in speedboat dy't er krekt kocht hie by Burgum. Dat gie sa hurd dat de wetterplysje him in stopteken joech, mar de man negearde dat. Hy naaide út en ramde hast in oare plysjeboat.
De plysje koe de speedboat kwalik byhâlde, dy gie bytiden hast 100 kilometer yn de oere. De man is yn Drachten oanhâlden.