Mear toeristen nei Fryslân

29 jul 2009 - 09:22

It tal toeristen dat de earste fjouwer moannen fan dit jier yn Fryslân west hat, is flink grutter ferlike mei deselde perioade ferline jier. It giet om in groei fan hast 20 prosint. Dat docht bliken út sifers fan it CBS.

Fral mear Nederlanners kamen nei Fryslân, mar ek it tal Dútsers en Belgen groeide. Foaral de bungalowsektor en de hotels profitearje fan it groeiend tal toeristen. Lanlik rûn it tal toeristen it earste part fan it jier werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)