Helmholt superieur yn Winsum

Helmholt wint yn Winsum (foto: Martin de Jong)
Fierljepper Bart Helmholt hat tiisdeitejûn yn Winsum de wedstryd yn de topklasse mei oermacht wûn. Mei twa sprongen fier oer de tweintich meter, 20.56 en 20.53, bleau hy syn konkurrinsje fier foar. Helmholt hie nei ôfrin in bytsje it smoar yn omdat hy fanwegen in blessuere oan it ankel wat ynhâlden hie. It Nederlânsk rekord fan 20.79 hie der mooglik yn sitten.
Ysbrand Galama waard twadde mei 19.13 meter. It tredde plak wie mei 18.55 foar Henk Schievink.