Sloop Houtsje kin begjinne

28 jul 2009 - 17:16

Mooglik wurdt takom wike al begûn mei it slopen fan de restanten fan kafee It Houtsje op It Fean. Tiisdei waard bekend hokker bedriuw de opdracht krijt foar de sloop fan It Houtsje en it neistlizzende kafee Bleeker. It slopen sil langer duorje as gewoanwei, want der is asbest fûn.

It kin noch wol moannen duorje foar't begûn wurdt mei it bouwen fan in nij kafee, want der moat ek noch in soad oerlein tusken de ferserkerders, de gemeente en de eigners en útbaters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)