Ljouwert earst en lêst

28 jul 2009 - 16:31
  • De rûte by Ealahuzen

Nei in tige spannende wedstriid op De Fluessen by Ealahuzen kaam Ljouwert tiisdei by it skûtsjesilen as earste oer de finishline. Dochs einige Jappie Meeter as lêste yn de dei-útslach, troch in protest fan de Súdwesthoek. Snits en It Hearrenfean skoden hjirmei op nei in earste en twadde plak.

Op in bepaald stuit yn de wedstriid wiene der acht protesten. Wâldsein en de Súdwesthoek makken noch even kâns op de oerwinning, mar einigen úteinlik as tredde en sande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)