Piratenfestijn wurdt strenger

28 jul 2009 - 16:30

Jongeren ûnder de 16 meie yn oktober net nei it Mega Piratenfestijn yn Marum yn Grinslân. Dat grutte festival lûkt oars in soad besikers út Fryslân.

De organisaasje fan it festival hat al in pear kear in flinke boete krigen, omdat in besiker fan ûnder de 16 oan de alkohol siet. Dat is wetlik net tastien. Probleem is dat de âldere besikers ek bier keapje foar de jongeren. It wurkjen mei polsbantsjes wurket dêrom net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)