48 moanne sel foar ynbrekkers

28 jul 2009 - 15:33

Twa Drachtster ynbrekkers binne tiisdei feroardiele ta 48 moanne sel, wêrfan 6 moanne op betingst. De mannen, 35 en 45 jier, moatte ek sa'n 9000 euro skeafergoeding betelje oan de slachtoffers.

De mannen brutsen yn by in grut tal huzen, bedriuwen en op bouplakken yn Fryslân, Grinslân, Drinte en de Kop fan Oerisel. Se diene dat tusken maaie 2007 en april ferline jier. De folsleine skea rint yn de tonnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)