Rapporten Omrin iepenbier

28 jul 2009 - 12:37

De rapporten oer de ôffaloven fan Omrin yn Harns wurde nei 19 augustus iepenbier. Elkenien dy't dat wol kin de rapporten dan ynsjen. Wol binne alle nammen en persoanlike beliedsopfettings derút helle.

Leden fan provinsjale steaten en saakkundigen meie op 19 augustus de stikken ek ynsjen. Sy krije wol alle ynformaasje ûnder eagen, mar dat is fertroulik. Steateleden hiene om ynsjen fan de Omrin rapporten frege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)