Mear Frysk yn SW-gemeente

27 jul 2009 - 17:09

It nivo fan it Frysk moat omheech yn de nije grutte Súdwesthoekgemeente. Neffens de Topografyske Wurkgroep Fryslân is dat it gefolch fan de weryndieling. Yn it Europeesk Hânfest foar Minderheidstalen stiet dat it nivo fan in taal troch in weryndieling net achterút gean mei. Dus moatte alle gemeenten it heechste nivo oannimme.

Wymbrits is no de meast Frysksinnige gemeente. Hjir wurde Frysktalige brieven yn it Frysk beantwurde en binne de plaknammen yn it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)