De Jouwer SKS-winner Wâldsein

27 jul 2009 - 16:14

Dirk-Jan Reijenga fan De Jouwer hat moandei by Wâldsein de wedstriid SKS skûtsjesilen wûn. Earder wûn Reijenga ek op De Feanhoop. Klassemintslieder Grou einige as twadde, krekt foar De Lemmer. It Hearrenfean hie in minne wedstriid, mar waard dochs fyfde.

It like der noch efkes op dat de wedstriid troch in gebrek oan wyn net trochgean soe, mar de wyn helle middeis dochs noch oan. De wedstriidlieding koarte de wedstriid wol yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)