Russyskotterdokse pryster wijd

Lukassen (rjochts) wurdt ta pryster wijd troch ierdsbiskop Gabriël
It wie moandei in spesjale dei foar de rom tûzen ortodoks-leauwigen yn Fryslân. De mienskip fan Kollumerpomp hat foar it earst yn har bestean in eigen pryster. De ynwijing waard dien troch ierdsbiskop Gabriël fan Parys.
Mear as tweintich jier lyn rjochte Frans Lukassen ûnder de reek fan de skûtels fan Boerum in ortodokse kapel op. Oant no ta moast foar de Hillige Liturgy fan 'e lytse mienskip leauwigen spesjaal in pryster út Nijmegen oerkomme.