In slang op 'e sliepkeamer

27 jul 2009 - 14:49

It sil je mar oerkomme. Je sille op bêd, je dogge de gerdinen ticht en dan leit der in echte slang yn de finsterbank. It oerkaam de famylje Van der Zwaag út Ljouwert. Op de sliepkeamer fan soan Milan fan tsien lei in ratteslang fan 80 sintimeter.

De familje hat gelyk de plysje belle. Mei in meiwurker fan in reptilewinkel ha dy 'm fuorthelle. It blykt te gean om in net gefaarlike ratteslang. It bist is nei alle gedachten ûntsnapt út in terrarium fan ien út 'e buert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)