Twadde foks sketten op Flylân

27 jul 2009 - 14:40
  • De foksejacht op Flylân giet troch

Dêr is yn it wykein op Flylân in twadde foks deasketten. It is, lykas de earste, in jong bist fan sa'n 7 moanne âld. De jacht op de foksen giet troch. Jagers hawwe ferskate foksen rinnen sjoen. Hoefolle oft der krekt binne, is noch ûndúdlik. Ek dizze foks giet nei de plysje foar ûndersyk.

Steatsboskbehear tinkt dat de foksen troch ûnbekenden op it eilân útset binne en hat oanjefte dien. De foksen hawwe foar in soad skea soarge by de fûgels dy't dêr briede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)