Cambuur lulk op Den Helder

27 jul 2009 - 12:13

Sportklub Cambuur is lilk op de gemeente Den Helder. Neffens de klub hat de gemeente it imago fan Cambuur skeind mei de strange maatregels dy't dit wykein naam binne by de oefenwedstriid yn de marinestêd.

Cambuur spile dêr sneon tsjin Willem II. Den Helder wie benaud foar relskoppers yn de oanhang fan Cambuur en kaam mei in needbefel. Dêrtroch koe de plysje earder yngripe by problemen en koene minsken mei in stadionferbod weromstjoerd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)