Soad blessuereleed by keatsers

27 jul 2009 - 11:47

Foar minimaal trije keatsers is it noch mar de fraach oft sy woansdei wol meidwaan kinne oan de PC. Jan Willem van Beem hat al moannen lest fan in slimme skouderblessuere. Hy set de spuit der yn om keatse te kinnen. Datselde jildt foar Martijn Olijnsma. Hy hat in ljiskblessuere.

Rutmer van der Meer krijt ûntstekkingsremmers om syn blessuere oan syn earm te behanneljen. Alle trije keatsers hawwe oanjûn hoe dan ek op de PC útkomme te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)