Famke (7) ferwûne by oanriding

27 jul 2009 - 09:41

In famke (7) út Bielefeld is snein op 'e Lemmer ferwûne rekke trochdat in man op in bromfyts har oanried. De man (64) koe it famke net mear ûntwike, doe't dy it fytspaad op de Plattedyk opfytse. Se foelen beide. It foel ta mei de ferwûnings. Beide hoegden net nei it sikehûs. Letter die bliken dat de man op de bromfyts dronken hie.

De man krige in rydferbod fan njoggen oeren. Ek syn rydbewiis wie al fjouwer jier net mear jildich. De man hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)