Jonge lûkt mes op Skylge

27 jul 2009 - 09:34

In 16-jierrige jonge út Leusden is sneintenacht op Formearum op Skylge oanhâlden omdat er in leeftydsgenoat bedrige mei mes. In 17-jierrige jonge út Kloosterburen rekke oan de praat mei de jonge. Dy luts doe in mes. De oare jonge koe ûntkomme en warskôge de befeiliging fan in kamping yn 'e buert. Dizze hâlde de 16-jierrige jonge oan.

De jonge is oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhoar en proses-ferbaal mocht er wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)